nl
Books
Jan Tjittes Piebenga

Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse

De earste printing fan Jan Piebenga syn `Koarte skiednis' ferskynde yn 1939. It wie it earste folsleine skiednisoersjoch fan de Fryske literatuer en ûntstien út de praktyk fan it lesjaan. It boek is tige ferheljend fan opset en jout rom omtinken oan persoanen en omstannichheden. It besiket elke Fryske skriuwer in plakje te jaan, ek dyselden dy't fan it twadde of tredde plan achte waarden. Literatuer en taalbeweging wiene by Piebenga twa kanten fan deselde medaille.
Piebenga wie 28 jier doe't er it boek skreau. Syn generaasjegenoaten liezen it as in meislepende histoaryske roman. Yn 1957 ferskynde de twadde útwreide edysje. It boek foel der doe minder goed yn omdat de grutte feroaringen fan nei 1945 misten. Dat nimt net wei dat it boek foar de stúdzje fan de âldere literatuer noch altyd in weardefolle boarne is. Dizze útjefte is de werprinting fan de twadde edysje út 1957.

Ryklik de mjitte fan 'e oandacht en de wurdearring krije by Piebenga de minsken mei hertstocht, mei felle begearten, mei demony, mei oanstriid ta it grutte, ek as al dy eigenskippen swak of ûnoannimlik yn it wurk, de prestaasje realisearre binne.
Y. Poortinga yn de Leeuwarder Courant

Men wordt hier voorgelicht door een deskundige, die, weliswaar gedreven door de liefde voor Friesland, maar toch voorzichtig en zo objectief mogelijk, de veelsoortige uitingen van de menselijke geest op literair gebied op hun juiste waarde tracht te schatten. Uiteraard is zijn visie persoonlijk.
B.W. van Klaarbergen yn Levende talen
449 printed pages
Original publication
2012
Publication year
2012
Have you already read it? How did you like it?
👍👎
fb2epub
Drag & drop your files (not more than 5 at once)